• Facebook
  • Instagram
  • Tip de redactie
  • Contact
Moarre-Ljussens
  • Home
  • Nieuws
  • Wonen in Moarre-Ljussens
    • Verenigingen
    • School en kerken
    • Dorpskrant
    • Voorzieningen
      • Openbaar vervoer
      • Huisarts, ziekenhuis en tandarts
      • Hulpdiensten
      • Bibliotheek
      • Supermarkt
      • Geldautomaat
    • D.O.M.
      • Nije Doarp
  • Bedrijvig
  • Toerisme
    • Overnachten in Moarre-Ljussens
    • Uitstapjes in de Omgeving
  • Foto’s
    • Actueel
    • Ut de âlde doaze
  • Zoek
  • Menu Menu

Tonielferieniging Ljussens spilet ‘Yn’e prizen’

LJUSSENS – De Ljussemer toanielploech ‘Mei Nocht foar ’t ljocht’ hat freed 17 en sneon 18 febrewaris wer garant stien foar twa noflike jûnen toaniel. Se spilen it stik “Yn’e prizen”, in fleurich stik fan Henk Sloots.

Beide jûnen wie de seal moai beset en koene de minsken genietsje fan in kluchtige komeedzje. Gerben Hoekstra regisearre it stik foartreflik. De ynstekster wie Sjoerdtje Bakker-Visser. Foar it grimearjen soarge Jikke Sytsma. Margriet Wytsma soarge foar lûdeffekten.

It stik spile him ôf yn it hûs fan Geart en Bertha Bonkema. We kamen yn ’e kunde mei dit stel doe’t se krekt de strjitpriis yn’e postkoadelotterij wûn hiene. Tenminsten, as Geart net ferjitten hie harren op te jaan. Geart doarde dit net te fertellen oan Bertha en besike gau oan jild te kommen.

Doe’t de tante fan Bertha, in rike widdo, op besite kaam, rûkte Geart syn kâns. Hij frege syn buorman Piter te helpen. Mar Sjouk, Piter syn frou, goaide sûnder dat se der erch yn hie, hieltyd roet yn it iten. It waard noch in hiele toer om dit goed ôfrinne te litten.

 

Deel dit stuk
  • Delen op Facebook
  • Delen op Twitter
  • Delen op Pinterest
  • Delen op LinkedIn
  • Delen op Tumblr
  • Delen op Vk
  • Delen op Reddit
  • Delen via e-mail

Aankomende evenementen

Er zijn op dit moment (nog) geen aankomende activiteiten bekend.

Meer activiteiten

Laatste nieuws

  • Plaquette voor Liepke Scheepstra19 oktober 2022 - 16:48
  • Winst bij Warber Bliuwe6 augustus 2022 - 09:53
  • Burendag25 juli 2022 - 13:31

Zoeken op site

Facebook

Ga naar de Facebook pagina
Word lid van onze Facebook-gemeenschap

© Copyright - Moarre-Ljussens | Webontwikkeling door Convident
  • Facebook
  • Instagram
Doede Douma laat oude foto’s van Ljussens en Moarre zien‘Een website om trots op te  zijn’
Scroll naar bovenzijde