• Facebook
  • Instagram
  • Tip de redactie
  • Contact
Moarre-Ljussens
  • Home
  • Nieuws
  • Wonen in Moarre-Ljussens
    • Verenigingen
    • School en kerken
    • Dorpskrant
    • Voorzieningen
      • Openbaar vervoer
      • Huisarts, ziekenhuis en tandarts
      • Hulpdiensten
      • Bibliotheek
      • Supermarkt
      • Geldautomaat
    • D.O.M.
      • Nije Doarp
  • Bedrijvig
  • Toerisme
    • Overnachten in Moarre-Ljussens
    • Uitstapjes in de Omgeving
  • Foto’s
    • Actueel
    • Ut de âlde doaze
  • Zoek
  • Menu Menu

Reactie op bericht over de Moarsterwei

Enige weken geleden kreeg ik ineens een mail van Jaap Klimstra uit Broeksterwâld. Hij had het artikel gezien dat ik samen met Doede Douma geschreven had over de wegen tussen Morra en Lioessens.

Hieronder zijn bericht:

Achte redaksje,

Hiel moai, dizze wepkrante oer Moarre-Ljussens.

Yn it artikel oer de Moarsterwei hie ik lykwols ferwachte dat de âlde namme fan dy wei ek wol wer tefoaren brocht wurde soe.

De wei hat jierren Stationsweg hjitten. Dat soe no Stasjonswei west hawwwe. Wy wennen jierrenlang op Stationsweg F117. Spitigernôch hat de gemeenteried fan Eastdongeradiel der letter Moarsterwei fan makke. De âlde namme past lykwols folle better want hy rint rjocht op it stasjon ôf. Boppedat, Stasjonswei beart ek folle moaier as Moarsterwei. De âlde Sâne Reed wie by âlds it paad nei Moarre. Yn de tritiger jierren binne de huzen Moarsterwei 15 (Gerrit Buwalda) en 17 (Marten Marra) der delset. De oare wenten dêr wienen ek fan dy tiid. It bearesterke fûnemint fan de garaazje fan Pyt Klimstra is om 1970 hinne opmitsele mei reade stiennen fan de twa dûbele wenten dy ‘t eartiids stienen op it wenplan fan Rinze en Tettie. Yn dy huzen wennen Harke+ Froukje (de pake en beppe fan ds. Boukes), Freerk + Janke, Yde + Geeske en Klaas + Anna mei harren húshâldings.

Yn 1913 is it spoar Dokkum – Mitselwier trochlutsen nei Eanjum. Yn dy tiid is it stasjon der dus kaam. Yn 1914 is it Ljussemer suvelfabryk boud: in hiel gaadlik plak oan it spoar en oan it wetter. Op de kaarten fan 1927 stiet de Stasjonswei al.

As de Moarsterwei oergiet yn de wei oan de Moarsterkant fan de brêge wurdt it Skyligerwei. Dat soe eins wêze moatte Skiligewei, om ‘t er fan Moarre ôf op de Skilige Brêge oanrint. Skilich betsjut skeel, en de brêge oer de feart lei der dwers (= skeel) yn. Alwer in flater fan de gemeenteried en de amtners.

En dan wat de Reidswâl oanbelanget: dêr rûn al ieuwen it wetterke de Ried. It soe dus Riedswâl hjitte moatte, mar ja, guon minsken tochten: riet is reid yn it Frysk. Nee dus, it giet net om reid mar om it wetterke Ried. In hiel soad wetters hienen of hawwe de namme Rie of Ried yn Fryslân.

En fansels, dat Hoek en Wâd is ek noch nea feroare yn Huickwert, de âlde state dy ‘t dêr stie. Doe ‘t ik in jonkje wie seinen guon Ljussemers dat it Waad dêr eartiids oan ta rûn. Hielendal mis dus. By Sjoarda rûn it rivierke de Peazens en dêr hat dus wol lang sâlt wetter komme kind.

Mei groetnis,

Jaap Klimstra

 

Op de mail van Jaap Klimstra kwam uiteindelijk ook weer een reactie van Reinder Tolsma:

Yn in protte riddenearings bin ik it mei Klimstra iens.

Hjirûnder ha’k dat oantekene.

Hy hat net gelyk as er seit dat de gemeenteried der ferkearde nammen fan makke hat.

De gemeenteried die soks op foarstel fan de Kulturele Ried.

Dêryn siet fan elk doarp ien (meastal fan doarpsbelang) persoan yn.

Yn de doarpen sels wiene ek nochris kommisjes dy’t advys jaan koene.

Fan Ljussens wit ik bygelyks dat Maaike Faber har heit de namme Masterspaad betocht hat.

Konklúzje:

-it doarp (yn dit gefal doarpen) hat net goed oppast as der in ferkearde namme brûkt is.

Reinder

 

Zo zorgt het stukje nog na lange tijd voor discussie en informatie!

Feike van der Zee

Deel dit stuk
  • Delen op Facebook
  • Delen op Twitter
  • Delen op Pinterest
  • Delen op LinkedIn
  • Delen op Tumblr
  • Delen op Vk
  • Delen op Reddit
  • Delen via e-mail

Aankomende evenementen

Er zijn op dit moment (nog) geen aankomende activiteiten bekend.

Meer activiteiten

Laatste nieuws

  • Plaquette voor Liepke Scheepstra19 oktober 2022 - 16:48
  • Winst bij Warber Bliuwe6 augustus 2022 - 09:53
  • Burendag25 juli 2022 - 13:31

Zoeken op site

Facebook

Ga naar de Facebook pagina
Word lid van onze Facebook-gemeenschap

© Copyright - Moarre-Ljussens | Webontwikkeling door Convident
  • Facebook
  • Instagram
Ferske oer Moarre (vervolg)Inluiden nieuwe gemeente
Scroll naar bovenzijde